Zoekresultaten
Resultaat 41 - 49 (van 49)
André Looijenga | Greet Andringa | Sigrid Kingma | Nyk de Vries Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1 - 4
Fjouwer lêzings oer de Fryske literatuer
Literatuer yn lytse talen; fiif romans fan ien fan de ynfloedrykste Fryske romanskriuwers fan de 20ste ieu; de berneliteratuer fan no en yn de takomst, en in nijsgjirrige streaming fan realistyske skriuwers om it tydskrift de Blauwe Fedde hinne. Lêzing 1 - André Looijenga Literatuer yn lytse talen Skriuwe yn in minderheidstaal, wat betsjut dat? Sprekkers fan minderheidstalen beslane mei har taal minder domeinen fan it libben as sprekkers yn grutte of nasjonale talen. Der is fansels wol ferskil...
Westerlauwers Fries | 4 uur 41 minuten (308 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong De Traveliers - Spoaren!
'Jim hawwe by it fleantúch west.' Hidde ropt fuort fan 'No!' De militêr stekt syn hân op. 'Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jim fingertaasten fûn.' De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. 'En do hast de doaskes út it tastel helle.' Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: 'Ik ha se wier net.' 'Wat hast der mei dien?' 'Neat,' ropt er. 'Ik ha se fergetten en doe…' De Traveliers...
Westerlauwers Fries | 2 uur 59 minuten (201 MB) | Afûk, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Hylke Speerstra Jabik en Dieuwertje
Jabik en Dieuwertje, skippers op in kontenerskip foar it Europeeske binnenwetter, kinne net mear farre fanwege de froast en brûke it stillizzen om te trenen foar de alvestêdetocht. It sil in bar aventoer wurde... Yn it ferhaal Jabik en Dieuwertje is it earst al in winter, dêr’t de Hel fan ’63 by ferblikt. Op de dei sels is it ek net bêst, in swiere mist jaget de hiele alvestêdetocht raar yn de bulten. Mar skipper Jabik hat út in eardere baan in knapachtich navigearapparaat oerurven en dat...
Westerlauwers Fries | 1 uur 4 minuten (50 MB) | Bornmeer, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Sigrid Kingma Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 3
Fryske berneliteratuer; Fjouwer lêzings oer de Fryske literatuer
Begjin jierren 90 kaam der in hiele groep nije Fryske berne- en jeugdboekeskriuwers nei foaren, en oaren hiene har grutste suksessen. Tink oan Hanneke de Jong, Lida Dykstra, Auck Peanstra, Anny de Jong, Mindert Wijnstra en Eppie Dam. Foarbylden fan resint talint binne Thys Wadman (De oerwinning fan Tido Houtsma) en Ate Grypstra (It beest fan de Westereen). Wat hawwe sûnt 1990 de ûntwikkelingen fan de Fryske berneliteratuer west? Is der in ferskowing yn tema's en binne de maatskiplike feroaringen...
Westerlauwers Fries | 1 uur 13 minuten (80 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Nyk de Vries Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 4
Raffelich realisme; Fjouwer lêzings oer de Fryske literatuer
De finish-lêzing fan de Literêre 4-Stêdetocht giet oer in nijsgjirrich ûnderwerp dêr't net earder ûndersyk nei dien is. Begjin 1996 sette in lyts groepke studinten yn Grins útein mei in literêr tydskrift yn it Frysk. It begûn as in aardichheidsje, mar as tydskrift krige de De Blauwe Fedde stadichoan mear lêzers. It waard in poadium foar in nije generaasje fan jonge skriuwers, dy't net de barrikaden opsochten, mar op iroanyske wize skreaunen oer it deistich libben, mei al syn banaliteiten,...
Westerlauwers Fries | 1 uur 9 minuten (73 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Auck Peanstra Kantsjeboard op Kurasao
De Traveliers is in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Mei in stampende pineholle wurdt Hidde wekker. Syn mûle fielt droech oan en hy hat slim toarst. Fernuvere sjocht er om him hinne. Alles is wazich. ‘Wêr binne we?’ Alhoewol’t it skimerich is, wit er dat de nacht foarby is. Troch...
Westerlauwers Fries | 2 uur 40 minuten (174 MB) | Afûk, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Hanneke de Jong Salsafamke
De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao om't har broer dêr staazje rint. Se komt yn 'e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset, wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dêrfoar dwaan moat. Ienkear werom yn Nederlân fernimt se dat de fakânsje net sûnder gefolgen bleaun is. Wat no? Ynhâld 'Dit is myn sus.' Roelof raasde nei in groep dy't har entûsjast op de muzyk gean liet. Freya joech hjir en...
Westerlauwers Fries | 4 uur 21 minuten (275 MB) | Friese Pers Boekerij, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Wieke de Haan Echt moai
Froulju oer moaiens en it inerlik
In boek mei ferhalen oer it inerlik en uterlik fan Fryske froulju. Mar ek in boek oer de ynfloed fan heiten op dochters, oer beauty en glamour, rykdom, uterlike fersoarging, de waarmte fan thús, de frouljusbeweging, it hawwen fan rimpels, it glêzen plafond, it belang fan it Frysk - en foaral in boek oer it bliid wêzen mei dysels! Ynhâld 1 Ynlieding 2 Anita Andriesen 3 Jantien de Boer 4 Anneke Hogeveen 5 Maaike Hornstra 6 Grietje Huisman 7 Lutz Jacobi 8 Hanneke de Jong 9 Geertje Kingma 10 Yfke...
Westerlauwers Fries | 5 uur 47 minuten (178 MB) | Bornmeer, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Durk van der Ploeg De Belvedêre
Fictie
Westerlauwers Fries | 239 pagina's | Friese Pers Boekerij, Ljouwert [Leeuwarden] | 2012
Gedrukt boek